Soarremoarre
Het was er erg gezellig gisteravond tijdens de presentatie van Soarremoarre. Overal kwamen er stoeltjes te voorschijn van omwonenden maar ook gasten die van verder weg kwamen. De reacties logen er niet om. Dat maakte mij ook wel weer wat ongemakkelijk natuurlijk. De eer voor al dat moois kwam immers de boeren toe die veel bijzondere zorg hadden gegeven aan het landschap, bodem, waterpeil en o ja de weidevogels. Ik trof ongeveer 20 zo genoemde nazorgers in de openluchtzaal aan. Tijdens de film hoorde je duidelijk de betrokkenheid van de aanwezigen. Ik kreeg de indruk dat we die niet meer hoefden te overtuigen meer liefde voor de natuur te ontwikkelen.
Hieronder de brief die ik van Kees Middendorp kreeg helemaal in het fries.
Ik heb veel waardering voor hem en deze mooie woorden.
De Soarremoarrepolder
Sûnt de Verlichting (18-de iuw) hat de rede, de ratio, en dêr mei úteinlik it saneamde “witten”, greep krigen op de wrâld. Stadichoan is it leauen yn de skepping, of sa as je wolle yn de natuer ferdrong wurden troch in nije religie, nammentlik de wittenskip.
Sa is bygelyks de lânbou fongen yn ekonomyske of finansjele modellen bassearre op opbringstmaksimalisearing, wat ferfolgens wer leunt op allerhanne biologyske en skeikundige wittenskip dy der foar soarge hat dat de ko de maksimale hoeveelheid molke jout, dat it gewaaks maksimaal groeit, ensfh.
Dat we dêrmei tsjin in “plafond” oan rinne wurdt sawol mondiaal as regionaal hieltyd dúdliker.
De iene krisis folget de oare op. It tinken yn nullen en ienen (ús technologysk kinnen), it fertrouwen yn de wittenskip, wêr we yn ferdwaald rekke binne, blykt in dearinnend spoar te wêzen.
Dit is de tiid foar in nij bewustwêzen: it “earst sjen en dêrnei leauwe” moat ferfong wurde yn it “earst leaue en dêrnei sjen”. Dêrmei komt de wittenskip net bûtenspul te stean, mar is ûnderdanich oan de filosofy of sa as je wolle oan de etyk.
Dat is wat we sjogge yn de geweldige film fan filmmakker Hans Hut oer de Soarremoarrepolder, oer de boeren dy dêr buorkje, dy geane foar harren leauen, foar harren fertrouwen yn de natuer, harren djip besef dat se sels ûnderdiel binne fan dy natuer.
De 31-ste augustus ha we, ûnder oanwêzigens fan de famyljes Voolstra en Peenstra, dy dêr sa besield buorkje, genietsje mochten fan de prachtige bylden yn it BOSK-teater fan in lânskip dat net baseare is op nostalgy, mar op it no en op de takomst, op in djip fertrouwen yn de natuer, op in besef dat elk (micro)organisme der ta docht.
De film oer de Soarremoarrepolder, is te sjen is op it ynternet fia: www.weidevogelfilm.nl.
Kees Middendorp